Homonimen

Wat jo mei ‘bank’ bedoele, sofa of jildynstelling, moatte se mar ôfliede út jo ferhaal. In flet is in went oftewol behuzing, of in fletgebou, of in boatsje, in fletboat. Koe taal net wat minder rommelich?

Synonimefiner

Dizze groeitesaurus is opset út de deistige praktyk fan it ‘libbene’ oersetten wei. Dizze tesaurus is dus net op basis fan deade wurdboeken. Foar it oersetten nei it Frysk fan juridyske, kommersjele, literêre en oare gebrûksteksten wie – en is noch – gjin hânsum middel beskikber. Wy heakje oanhâldend synonimen ta dy’t by de oersetterij oan ’e dei komme.